In jier tritich lyn, doe’t ik as frijwilliger yn in sikehûs wurke, kaam ik yn kontakt mei in pasjintsje dat in seldsume sykte hie, dy’t deadlik plichte te wêzen.
Frjemdernôch hie har broerke fan 5 de sykte oerwûn en antylichems útset. Dat de ienige kâns op ferwin like in bloedtransfúzje fan it lytse jonkje. Dokter lei him de sitewaasje út en frege oft er ree wie en jou syn bloed. Ik seach dat er even yn bestân stie. Doe knikte er beret fan ja. Neigeraden de transfúzje har beslach krige kaam der wer kleur op ‘e wankjes fan it pasjintsje. Wy wiene út ‘e skroeven!
It jonkje dat yn in bêd njonken syn suske lei, glimke tefreden. Doe frege er, mei triljend lûd : “Dokter, hoelang duorret it no noch foar’t ik dea bin?”
Gepost door: JapikKnilles op 13-09-2010 om 11:58
Statistieken
Hits vandaag: 7
Hits totaal: 2424
Aantal logs: 1
Aantal reacties: 0
PHP Parsetijd: 0.023 sec, MySQL 14 queries in 0.018 secs